Twifels oer ûndersyk fermiste

25 sep 2010 - 15:17
  • De fermiste Michael de Vrieze út Boerum
  • Betinkingsplak op de skaakklup

De skaakklup yn Bûtenpost fan 'e fermiste Michael de Vrieze is net tefreden oer it plysje-ûndersyk. De Vrieze ferdwûn op 12 april en sûnt dy tiid is neat mear fan him fernaam. Der wurkje op dit stuit noch tsien resjersjeurs oan 'e saak. De plysje twifelt oft de fermiste noch yn libben is.

Skaakferiening De Twa Kastielen spile sneon de earste wedstriid sûnt de fermissing fan harren teamgenoat. De Vrieze wenne yn Boerum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)