Twifels oer stategy provinsje yn dossier Omrop Fryslân

28 okt 2015 - 12:48
  • In eardere aksje by it provinsjehûs foar selsstannich Omrop Fryslân

De PvdA yn Provinsjale Steaten betwivelet oft deputearre Sietske Poepjes de goeie strategy keazen hat as it giet om de takomst fan Omrop Fryslân. De deputearre hat moandei in petear mei steatssiktaris Sander Dekker fan mediasaken. De FNP stelde de deputearre woansdeitemoarn by de gearkomste fan provinsjale steaten fragen oer de ynstek dêr't de deputearre dat petear mei yngiet.

Poepjes woe dêr net it measte oer sizze, benammen net oer de fraach oft se fan doel is om in pûde mei jild mei te nimmen nei Den Haach.

Neffens PvdA-steatelid Hetty Jansen soe dat al moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)