Twifels oer keningsearn

19 jan 2012 - 21:35

De grutte rôffugel dy't sjoen is yn it Lauwermargebiet is gjin keningsearn. Dat tinkt de grutste rôffugelekspert fan Europa, Dick Forsman út Finlân. Fûgelders dy't twifelen oan de melding hawwe foto's fan de fûgel nei Forsman stjoerd. Syn antwurd op de fûgelderswebside Waarneming.nl is dat it gjin keningsearn is, mar in mûzebiter of in rûchpoatfalk.

Forsman is de skriuwer fan tal fan standertwurken oer rôffûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)