Twifels oer finfisk Doortje

20 jan 2012 - 16:13

De kâns is lyts dat it 20 meter lange skelet fan finfisk Doortje fan de Ryksuniversiteit Grins yn Fryslân telâne komt. It Natuermuseum yn Ljouwert tinkt deroer nei om it yn de kolleksje op te nimmen. Mar it museum hat noch twifels om't it skelet op it binnenplak komme moatte soe. Dat kin dan net foar oare eveneminten brûkt wurde.

De universiteit wol ôf fan it skelet, dat jierrenlang yn de biologylessen brûkt is. It moat fuort fanwege in ferbouwing. It skelet leit no in dielen yn in fytsehok.
It ynfr

Ynformaasjesintrum Noordwester op Flylân hie it skelet graach hawwe wollen, mar it gebou is net grut genoch. It natuermuseum op It Amelân hat al in finfisk yn de kolleksje. In finfisk is in soart walfisk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)