Twivels oer dongbelied

12 des 2013 - 20:23
  • Dongynjektor

It nije dongbelied fan steatssekretaris Sharon Dijksma set in rem op de skaalfergrutting. Dat seit Geart Kooistra fan LTO. Boeren meie safolle kij hâlde as se wolle, mar se moatte de ekstra dong dy't dat opsmyt, sels ferwurkje. Dêrfoar soene se nije grûn oankeapje kinne, of de dong ferwurkje litte kinne troch oare bedriuwen, of de kij faker yn it lân rinne litte. Mar dy grûn is der net.

De LTO is wol bliid dat der no dúdlikheid is foar de feehâlders, sadat se belied foar de takomst meitsje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)