Twifelgefallen by SC Cambuur

04 okt 2012 - 13:45
  • Cambuur shirt

It is noch net dúdlik hoe't de basis fan SC Cambuur der freed útsjocht tsjin FC Dordrecht. Neffens trainer Alfons Arts hat in oantal spilers 'pijntjes' oerhâlden oan de wedstriid tsjin Veendam. Sa die Adnane Tighadouini tongersdei net de hiele training mei de seleksje mei. Wis is dat Yuri Rose en Martijn van der Laan noch net fan de partij binne.

Op de lêste training foel reservekeeper Rodney Ubbergen út mei in ankelblessuere. Ek hy is in twifelgefal. Leonard Nienhuis of keeperstrainer René Grotenhuis kinne eventueel ek op de bank sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)