Twifel oer stipe oan Angolezen

08 sep 2003 - 00:00

De VVD-fraksje fan Snits twifelt oan de stipe oan in Angolees gesin. It gesin moat werom nei Afrika mar sit wer yn de proseduere. De gemeente jout it gesin ûnderdak en finansjele stipe foar de advokatekosten.

De VVD-fraksje fynt dat it gesin net stipe wurde moat om't asylsikers yn de proseduere fergees in advokaat krije kinne. Ek tinke de liberalen dat de stipe mear famyljes mei sokke problemen nei de gemeente lûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)