Twifel oer oerlibjen otters

28 jun 2006 - 11:20

De otters dy't útsetten binne yn de Rottige Meenthe rêde it net op. Dat tinkt biolooch Addy de Jongh fan stifting Otterstasjon Nederlân.

Moandei hat steatsboskbehear fjouwer wyfke-otters útsetten yn it natoergebiet. De natoerorganisaasje hopet sa de populaasje in ekstra stimulâns te jaan. De Jongh tinkt lykwols dat it gebiet te lyts is foar de fjouwer otters. Steatsboskbehear tinkt dat it wol tafalt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)