Twifel oer foarâlden tophynder

11 jul 2003 - 00:00

It Frysk Hynstestamboek en fokker Bakker fan Ferwâlde ha spul. Ut in rûtinekontrôle yn Amearika die bliken dat dekhynst Pilgrim in oare pake hat as altyd tocht waard. Dat soe net hynst Rients wêze, mar hynst Wypke.

Beide hynsten wiene begjin jierren '80 stald by fokker Bakker, lykas de mem fan Pilgrim. As Pilgrim echt ôfstamt fan Wypke, dan soe er folle minder wurdich wêze. Bakker seit dat der in flater makke is by it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)