Twifel oer bewiis pensjonmoarden

18 aug 2006 - 09:48

It bewiis yn de saak fan de Eanjumer pensjonmoarden doocht net. Dat sizze Maastrichtse ûndersikers.

Pensjonhâldster Marianne van der E. waard foar twa moarden feroardiele ta seis jier sel en TBS. Dat soe net terjochte wêze, omdat de ferklearrings fan twa krusiale tsjûgen net klopje soene mei de feiten. De saak soe dêrom weriepene wurde moatte, sizze de ûndersikers. Van der E. hat altiten ûntkend dat se de manlju ombrocht hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)