Twerda fersmyt krityk sporthal

25 mrt 2011 - 12:57
  • Foto's: Omrop Fryslân

De gemeente Frjentsjerteradiel fynt net dat der in soad mankeart oan de nije sporthal De Trije yn Frjentsjer. Neffens wethâlder Twerda binne der mar in pear lytse ferbetterpunten.

Guon sportferienings hawwe krityk op de nije hal. De gymnastykferiening fynt dat der te min tafersjoch is op de klaaikeamers. De follyballers fine it ferfelend dat de tribunes faak ticht binne. Fierder binne der in soad drompels en tegels wêrtroch't skjinmeitsjen in djoere put wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)