Twente wol Hakim Ziyech

02 jul 2014 - 14:43
  • Hakim Ziyech

Hakim Ziyech is yn byld by FC Twente om de opfolger te wurden fan Dusan Tadic. Tadic stiet op it punt om in fiif-jierrich kontrakt te tekenjen by Southampton, de nije klup fan Ronald Koeman. De klup út de Premier League soe 12 miljoen euro betelje foar Tadic. Mei dat jild kin Twente in ferfanger helje en de Tukkers hawwe it each fallen litten op Hakim Ziyech. Ziyech wurdt sjoen as ien fan de grutste talinten op de Nederlânske fuotbalfjilden.

Hearrenfean woe it kontrakt fan Ziyech, dat noch ien jier trochrint, graach iepenbrekke, mar kaam net ta in akkoart mei de kreative middenfjilder. Wol Hearrenfean noch in transfersom fertsjinje, dan moatte se Ziyech no ferkeapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)