Twent wint Grutte Priis Indoor

23 okt 2000 - 10:37

De Grutte Priis fan it Indoor Fryslân is sneontejûn wûn troch Peter Geerink. De Twent die dat yn Ljouwert mei syn hynder Iroko. Hy bleau yn 'e barraazje foutleas yn 42,37 sekonden. De priis bestiet út in bedrach fan 24.000 gûne.

Alve kandidaten diene mei oan 'e barraazje. Fjouwer fan harren rieden him sûnder flaters. Nathalie van der Mei waard ferrassend sânde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)