Tweintich man fuort by Arriva

05 des 2006 - 11:19

Op it haadkantoar fan ferfiersbedriuw Arriva op it Hearrenfean ferdwine sa 'n tweintich fêste arbeidsplakken. De reorganisaasje is in gefolch fan konkurrinsjestriid en it ferliezen fan in grut part fan it busferfier yn Fryslân.

It concern wol 20 persint besparje op de kosten fan it haadkantoar. De fakbûnen binne op 'e hichte brocht, mar dy moatte it reorganisaasjeplan noch besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)