Tweintich flechtlingen demonstrearje yn Ljouwert

01 apr 2016 - 17:30
  • It protest fan flechtlingen yn Ljouwert
  • Flechtlingen by Heliconstate yn Ljouwert
  • De flechtlingen kleie dat se net witte wêr't se oan ta binne

In groep fan sa'n tweintich flechtlingen hat freedtejûn protestearre op de Heliconweg yn Ljouwert tsjin de omstannichheden yn de needopfang.

De flechtlingen fine dat it fierstente lang duorret foardat se gehoar krije by de IND. Se kleie dat se net witte wêr't se oan ta binne. Guon sitte der al in healjier. Ek binne de flechtlingen net bliid mei de wize wêrop't harren iten ferpakt is.

It komt net faak foar dat flechtlingen protestearje, seit in wurdfierder fan it COA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)