Tweintich auto's fan 'e dyk

14 des 2012 - 10:54

De plysje hat freedtemoarn tweintich meldings krige oer auto's dy't troch de glêdens fan de dyk rekke wiene. Dat barde op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert yn beide rjochtings. Troch in reinbui en de lege temperatuer wie dy dyk sa glêd as sjippe.

De plysje hat it ferkear ôfremme, omdat guon autobestjoerders noch hieltyd hurd oer de sneldyk rieden. Foar safier bekend hoegde ambulânsepersoniel gjin ferwûnen mei te nimmen. Der binne mear auto's yn 'e slip rekke as de tweintich dy't melden binne. De measten koene wer fierder ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)