Twatalige site oer bern

28 nov 2006 - 10:54

Der is in nije webside oer it krijen en grutbringen fan bern. De side is yn it Frysk en it Nederlânsk. Hy jout ek omtinken foar it grutbringen fan bern yn fermiddens dêr't mear as ien taal praat wurdt. Fierders is der ynformaasje te krijen oer it yn ferwachting reitsjen, de swangerskip en it jaan fan it boarst.

It adres is www.heitenmem.nl. De nije ynternetside is in inisjatyf fan ûnderwiisynstelling Afûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)