Twatalich ûnderwiis rint tebek

19 jun 2002 - 00:00

Fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân is net in soad mear oer. Dat stelt Koen Zondag. Hy hat ûndersyk dien nei de skiednis fan it twatalich ûnderwiis op legere skoallen yn Fryslân.

Tsientallen jierren lyn wie in grut tal skoallen noch twatalich, no binne de measte skoallen Hollânsktalich. Dat komt neffens Zondag troch de taname fan Hollânsktalige bern en ûnderwizers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)