Twatal mei drugs yn Frjentsjer

03 sep 2014 - 14:55

Yn Frjentsjer hat de plysje tiisdeitemiddei in man en in frou út dat plak oanhâlden om't se drugs by har hienen. De plysjemannen seagen de 20-jierrige man en frou rinnen op de Boargemaster J. Dijkstrawei. Krekt dêrfoar wie by de plysje in melding binnenkaam oer in man en in frou dy't yn dy buert drugs besochten te ferkeapjen. It sinjalemint kwaam oerien mei dat fan it duo. It die bliken dat se speed en softdrugs by harren hienen. Ek fûn de plysjes oare apparatuer.

Se binne oerbrocht nei it plysjeburo en foar fierder ûndersyk ynsletten.

De drugs binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)