Twaspjalt yn VVD Smellingerlân

31 aug 2013 - 10:33
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Yn de VVD-fraksje fan Smellingerlân is twaspjalt. Fraksjefoarsitter Yntze de Vries en gemeenteriedslid Sandra de Jong hawwe besletten om de fraksje te ferlitten, mar bliuwe wol yn de gemeenteried. Sy geane oant de ferkiezings fan takommend jier fierder ûnder de namme 'Sociaal liberalen'. De Vries en De Jong binne opstapt fanwege 'ferskil fan miening mei fraksje, bestjoer en wethâlder Marjan van der Aart'. Se binne wol fan doel om polityk aktyf te bliuwen en sille har no oanslute by Gemeentebelangen.

Foarsitter Piet Grotenhuis fan VVV Smellingerlân lit witte dat er it spitich fynt dat Yntze de Vries en Sandra de Jong de VVD-fraksje ferlitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)