Twaspjalt oer wetterbassin

16 jan 2007 - 16:55

Pleatslik Belang Berltsum is tsjin in wetterbassin oan de râne fan it doarp. Tusken de Koekoeksleane en it glêstúnbougebiet besuden it doarp soe in bassin fan 4 meter heech komme moatte. Dat is nedich om simmerdeis wetter yn op te slaan, as der krapte is by de túnkers.

Yn it bassin soe goed 200.000 kuub wetter opslein wurde moatte. Pleatslik Belang sil tongersdei mei de túnkers oer in oplossing prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)