Twaspjalt oer parkeargaraazje

02 feb 2006 - 17:31

Der is noch altyd gjin dúdlikens oer de nije parkeargaraazje oan it Raadhúsplein yn Drachten. It giet om in grut kompleksfoar in lytse 700 auto's. De kwestje kaam woansdeitejûn oan 'e oarder yn twariedskommisjes.

CDA en de Christen Uny binne akkoart mei de bou. De SP is deroptsjin en de oare partijen wolle de saak nochris neier besjen. Doel is dat it beslút noch foar de gemeenteriedskommisje op 7 maart falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)