Twaspjalt oer nije sportfjilden

28 feb 2006 - 16:44

It plak fan de nije sportfjilden laat ta diskusje yn Frjentsjer. De measte ynwenners wolle dat de fjilden fan sporthal De Trije nei de súdkant fan de stêd ferhúzje. Dat hat bliken dien út ûndersyk yn opdracht fan Gemeentebelangen.

Mar de leden fan de sportclubs gean leaver nei in plak by rekreaasjepark Blomketerp. Se fine de súdkant fan de stêd te fier fuort. Mar dat falt wol wat ta, fynt Gemeentebelangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)