Twaspjalt oer nijbou gemeentehûs

13 feb 2003 - 00:00

Op Skiermûntseach driget in bestjoerskrisis oer de nijbou fan it gemeentehûs. Boargemaster Fennema kin it net iens wurde mei de twa wethâlders dy't de bouplannen te djoer fine. De boargemaster wol de bou trochsette, om't er benaud is foar skeaclaims.

It âlde gemeentehûs foldocht net mear oan 'e easken en dêrom soe it plysjeburo derby komme moatte. Kommissaris Nijpels hat de bestjoerders ek al oansprutsen op de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)