Twaspjalt oer kemping

10 mrt 2009 - 07:05

De polityk yn Skarsterlân keart de komst fan in nije kemping by it Nannewiid foarearst net op. Ek al wiene der moandeitejûn by de behanneling yn de riedskommisje in soad tsjinstanners. De diskusje oer de 10 bunder grutte kemping smiet net in dúdlike mearderheid foar of tsjin op.

FNP en ChristenUnie binne tsjin, de VVD is foar, it CDA is posityf, de PvdA komt letter mei in stânpunt. Op syn gaust nimt de gemeenteried op 25 maart in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)