Twaspjalt binnen fûgelwachten oer aaisykjen

10 mrt 2016 - 17:12
  • Aaisiker mei pols yn it lân

De Fryske fûgelwachten binne it net iens oer al of net aaisykje nettsjinsteande de oprop fan foarsitter Algra foar ienriedigens binnen it BFVW. Ferline wike hawwe de leden ôfpraat dat se wol it fjild yn meie om te sykjen, mar de aaien net meinimme sille. Der wie mar in krappe mearderheid foar dat foarstel, en de ferdieldheid bliuwt grut.

Ek binnen de Vogelwacht Het Oud-Bildt yn Sint-Anne is ûnienichheid. Twa fan de fiif bestjoersleden wolle aaisykje, trije wolle dat net.

Yn de Bildtse Post freget de fûgelwacht boeren om aaisikers gjin tastimming te jaan op harren lân te kommen. Mar dat artikel is op persoanlike titel fan ien fan de bestjoersleden. Nije wike tongersdei is de ledefergadering fan Vogelwacht Het Oud-Bildt. De trije leden dy't it net iens binne mei it belied wolle fierdergean sûnder it BFVW, of opstappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)