Twarres passeart U2

31 okt 2000 - 14:37

It liet Wêr Bisto? fan it Wergeaster duo Twarres komt dizze wike op 1 yn de Mega Top 100 en de Top 40. Twarres passeart dêrmei de U2-hit 'Beautiful Day'.

Wêr Bisto? is it alderearste Frysktalige ferske dat op ien komt fan in Nederlânske hitparade. De Kast stie yn 1997 wikenlang op twa mei de hit In Nije Dei. Twarres bestiet út de jonge Wergeasters Mirjam Timmer en Johan van der Veen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)