Twarres op twa yn België

30 nov 2000 - 18:15

De Twarres-hit 'Wêr Bisto' is ek yn België in grut súkses. Yn de Belgyske Top 40 makket it nûmer dizze wike in reuzesprong fan 35 nei 2. 'Wêr Bisto' is de alderearste Frysktalige single dy't ea yn it bûtenlân útbrocht is.

Yn Nederlân steane Mirjam Timmer en Johan van der Veen, dy't tegearre it Wergeaster duo Twarres foarmje, al wer foar de fyfde wike op it earste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)