Twarres op ien yn Fryske Top 40

26 des 2000 - 16:52

Op nûmer ien fan de Fryske Top 40 2000 is einige 'Wêr bisto' fan Twarres. Twa waard 'Marije Maria' fan Reboelje en trije 'In nije dei' fan De Kast.

Simmer 2000 hat dúdlik in stimpel drukt op de top-40. Nûmers as 'It Paad werom' fan Piter Wilkens, it 'Simmer 2000 liet' en 'De Bügel fan Looft den Heer' binne by de earste 10 werom te finen. Piter Wilkens stiet seis kear yn de top-40.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)