Twarres nomineard foar Edison

25 jan 2001 - 10:51

It Wergeaster duo Twarres is nomineard foar de Edison-publykspriis. Fan moarn ôf kinne je fia ynternet je stim útbringe. Twarres hat dêrby konkurrinsje fan Anouk, Abel en Krezip.

De Edison-publykspriis wurdt op 27 febrewaris útrikt op it Nederlânsk Muzykfeest yn Amsterdam. Twarres hat de nominaasje fansels te tankjen oan de Fryske nûmer 1 hit 'Wêr Bisto?'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)