Twarres giet út-inoar

19 sep 2003 - 00:00

It populêre Fryske duo Twarres giet útinoar. Se meitsje de teatertoer dit jier wol ôf, mar hâlde ein dit jier op. Mirjam Timmer hat earder alris sein dat se op it hichtepunt fan 'e karriêre fan Twarres ophâlde wol. Mirjam en Johan sille harren no rjochtsje op in solokarriêre.

Twarres bruts lanlik troch mei de hit 'Wêr bisto', dat by it Fryske sjongfestival Liet de publykspriis krige. Ek yn België wie it duo populêr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)