Twangsom reklameskiep ferhege

22 apr 2006 - 11:01

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân ferheget de twangsom foar de reklameskiep by de rotonde fan De Jouwer. De bedriuwen fan wa't de skiep binne, moatte 1000 euro deis betelje as de bisten moandei net fuorthelle binne.

Earder wie in boete fan 500 euro deis oankundige. Mar de boargemaster is benaud dat de sponsors fan dat bedrach net genôch skrikke sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)