Twangsom om fear op doar

09 aug 2011 - 16:27
  • Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Harns driget Teater Trebol mei in twangsom fan 10.000 euro om in fear fan 25 euro op in stookhokdoar. Fan de brânwacht moat de doar op syn minst 20 minuten stânhâlde by in brân. De doar moat perfoast automatysk tichtgean.

Mar yn de praktyk sit de doar altyd op slot. Ut en troch komt der allinnich in personielslid troch. By Trebol hawwe se mei fernuvering op de twangsom reagearre. Nije wike sille se in fear op de doar sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)