Twangsom foar te folle katten

04 nov 2008 - 15:36

Jacqueline Claus fan Sint Anne krijt in twangsom fan 5000 euro, omdat der op 1 novimber te folle katten yn har wente wiene. Dat makke de gemeente It Bilt bekend. Yn maart wie dy sanksje al oankundige, omdat se doe mear as 60 katten yn 'e hûs hie. Se moast dat tal werom bringe nei 10. Dy útspraak hat se oanfochten, mar ferline wike hat de rjochter har beswier ôfwiisd.

As der nije wike noch hieltyd te folle katten binne, sil der noch in kear in boete fan 5000 euro komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)