Twangsom foar Paradyske

10 jun 2011 - 10:56
  • Foto: nijsnet.nl

De gemeente Kollumerlân wol de eksploitant fan swimbad It Paradyske yn Kollum in twangsom oplizze foar elke dei dat it bad tsjin de ôfspraken yn ticht is. De twangsom fan 500 euro deis wurdt oplein fan 27 juny ôf.

Troch weromrinnende besikersoantallen is it foar eksploitant Optisport dreech om slutend te draaien. Dêrom giet it bad pas iepen as it 18 graden of waarmer is, dit ta argewaasje fan in soad swimmers. De koartere iepening is yn striid mei it kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)