Twangsom foar kampanjesylboat

23 maaie 2013 - 18:09
  • Gemeente Smellingerlân

It sylboatsje dat de politike partij Gemeentebelangen yn Drachten parkeard hat, moat der fuortdaalk wei. De gemeente Smellingerlân hat de partij in twangsom oplein fan 500 euro foar eltse wike dat it skipke dêr leit. Om de fúzje tusken Gemeentebelangen Smallingerland en Smallingerlands Belang bekend te meitsjen is it boatsje mei spandoeken derop op de hoeke fan de Nering en it Moleneind dellein.

Fraksjefoarsitter Fred de Groot neamt de twangsom absurd, mar leit him ûnder protest del by de maatregel. It skip sil nije wike fuorthelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)