Twangsom foar eigeners yllegale wenark Terherne

20 jan 2016 - 16:50

De gemeente De Fryske Marren hat de eigeners fan in wenark yn in haventsje yn Terherne in twangsom oplein. De ark leit sûnt 2012 sûnder fergunning yn de priveehaven.

Neidat omwenners dêr oer klagen, hat de eardere gemeente Boarnsterhim aksje ûndernaam tsjin de eigeners. Neidat Boarnsterhim opdield waard, is dat oernaam troch de gemeente De Fryske Marren. Dy hat besocht der mei petearen út te komen, mar doe't dat net slagge is besletten om in twangsom op te lizzen.

Foar elke wike dat de ark der yllegaal lizzen bliuwt, moat in bedrach fan 1.500 euro betelle wurde, mei in maksimum fan 39.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)