Twangsom foar De Lantearne

01 sep 2000 - 18:12

Achtkarspelen hat skjin syn nocht fan sealesintrum De Lantearne yn Surhústerfean. Omwenjenden kleie al in skoft oer oerlêst. De yngong oan 'e Jan Binnesleane wurdt brûkt foar yn- en útladen fan apparatuer. Nachts steurt soks bot.

De Lantearne mei nachts inkeld de yngong oan 'e noardkant brûke. De gemeente hat de eigner fan it sintrum in twangsom oplein foar as it wer fout giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)