Twangsom foar berne-opfang Colosseum yn Dokkum

02 apr 2015 - 16:35

Berne-opfang Colosseum yn Dokkum krijt fan de gemeente Dongeradiel in twangsom oplein. Colosseum fangt bûten skoaltiid bern op, mar docht dat neffens de gemeente mei yn ferhâlding te min begelieding. De GGD hat dat sjoen by ferskate kontrôles dy't dêr dien binne. Berne-opfangorganisaasje Sisa, dêr't Colosseum ûnder falt, ûntkent dat der te min begelieding is. Mar by in ferrassingsbesite fan de GGD waard it dochs konstatearre.

De opfang krijt no in twangsom oplein fan tûzen euro de kear dat it wer bart mei in maksimum fan 5000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)