Twamansbob op 'e kant

18 feb 2010 - 13:10

De Nederlânske twamansbob is by de training op de bobbaan yn Whistler op 'e kant gong. Piloat Edwin van Calker gong mei remmer Arnold van Calker net goed bocht alve yn. Yn bocht trettjin gong it dêrnei mis. De beide bobbers kamen mei de skrik frij.

Sybren Jansma fan De Pein, de fêste remmer yn de twamansbob, waard sparre. Op de drege baan fan Whistler gongen noch sân kombinaasjes ûnderút. Sneon begjint it Olympyske toernoai foar de Nederlânske twamansbob.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)