Twamansbob noch yn wachtkeamer

19 jan 2014 - 14:12
  • Arnold van Calker yn aksje mei stjoerman Edwin van Calker

De twamansbob mei remmer Jeroen Piek fan It Hearrenfean en stjoerman Edwin van Calker is der yn it Eastenrykse Igls net yn slagge om in Olympyske kwalifikaasje te pakken. Yn Igls kamen Van Calker en Piek net fierder as in 16e plak. Om foarmbehâld te toanen wie in plak yn de top 10 nedich.

De fraach is no oft sportkoepel NOC*NSF akkoart giet mei in foardracht fan it bobslidersbûn. Yn dat gefal kin de twamansbob lykas de fjouwermansbob dochs fan start yn Sotsji.

Remmer Sybren Jansma fan De Pein kaam net yn aksje yn Igls. Hy herstelt thús fan in blessuere om yn febrewaris wer fit te wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)