Twamansbob nei de Spelen

22 jan 2014 - 10:06
  • Sybren Jansma

Njonken de fjouwermansbob giet ek de twamansbob nei de Olympyske Spelen yn Sotsji. De bob, mei wierskynlik Sybren Jansma dêr yn, hie him net kwalifiseard foar de Spelen, mar de fjouwermansbob wol. It NOC*NSF hat no besletten dat de twamansbob ek nei Sotsji mei, omdat de kânsen op in medalje dan grutter wurde. Piloat Edwin van Calker kin dan nammentlik al wat ûnderfining opdwaan yn de bob.

Jansma hat op dit stuit in blessuere oan syn ljisk, mar hopet op tiid fit te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)