Twadde ynformateur beneamd

31 mrt 2003 - 00:00

Ab Timmermans is beneamd as twadde ynformateur, by de formaasje fan in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat betsjut dat CDA en VVD har beswieren tsjin in twadde man njonken Reitsma opjûn hawwe.

Freed giene de partijen mei spul it wykein yn. PvdA en FNP woene in twadde ynformateur, de oare twa partijen net. Timmermans is op dit stuit direkteur fan Hûs en Hiem. Earder wie er wethâlder yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)