Twadde winst Harkemase Boys

03 nov 2012 - 19:57

Harkemase Boys hat sneon mei 3-1 de nûmer lêst HZVV ferslein. Yn Hoogeveen kaam HZVV goed út de startblokken. Yn de 19e minút sette Marco Hartman de thúsploech fertsjinne op foarsprong. Mei goed keeperswurk wist Jacob de Vries de efterstân te beheinen oant 1-0. Fier yn de twadde helte kaam de doelpuntemasjine fan de Boys op gong. Arjen Bergsma, Reinder Slager en Johnsen Bacuna soargen foar de twadde winst op rige foar de Harkiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)