Twadde winst froulju H'fean

10 sep 2011 - 09:58
  • Foto: Omrop Fryslân

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe ek harren twadde wedstriid wûn. Nei de 1-0 oerwinning yn Utrecht waard no thús mei 4-3 wûn fan FC Zwolle. By it skoft stie it 2-2. De goals fan Hearrenfean waarden makke troch Nangila van Eyck en Wendy Mulder.

Nei de pauze rûn Hearrenfean út nei 4-2 troch wer in goal fan Van Eyck en ien fan Vivianne Miedema. Zwolle makke noch 4-3 mar fierder kamen se net. Hearrenfean giet no tegearre mei FC Twente oan de lieding yn de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)