'Twadde wenten binne bedriging'

17 aug 2000 - 18:19

De leefberens fan de doarpen yn Wymbritseradiel komt yn gefaar troch tefolle rekreaasjewenten. Dat seit gemeentefoarljochter Kim.

Hy reagearret op in rjochtsaak dy't in famylje út Eastermar oanspand hat. Fia de rjochter wol se ôftwinge dat har wenning yn Aldegea foar rekreatyf gebrûk ferkocht wurde mei. Dat is no net tastien. De útspraak is takom woansdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)