Twadde taksaasje nedich foar fêststellen mûzeskea

17 mrt 2015 - 14:13
  • Taksateurs besjogge de skea fan de mûzepleach

Tûzenen bunder greide yn Fryslân wurde foar in twadde kear ynspekteard om te sjen hoe grut de mûzeskea krekt is. De twadde ronde is nedich om't it gers no begjint te groeien. Sadwaande is no pas goed te sjen is hoe grut de skea krekt is. Dat meldt de provinsje Fryslân.

Lânbouorganisaasje LTO rûsde de skea earder op 70 miljoen euro. Neffens de provinsje sil dat bedrach leger útfalle. Taksateurs fan it Faunafûns hawwe earder al 35.000 bunder lân kontrolearre. Mei-inoar binne 750 bedriuwen troch de mûzepleach troffen.

De troffen feehâlders moatte foars ta de bûse om it gerslân wer foarinoar te krijen en foer te keapjen foar it fee. Dy skea wurdt net kompensearre troch Ryk of provinsje. De provinsje is wol ree om boeren jild te lienen tsjin geunstige betingsten om boeren dy't yn grutte finansjele problemen driigje te kommen te helpen. Oft dy regeling der ek komt is net bekend, want de Europeeske kommisje moat hjir noch wol grien ljocht foar jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)