Twadde stroomsteuring yn Dokkum

20 jul 2006 - 18:00

Dokkum is woansdeitejûn troffen troch in twadde grutte stroomsteuring. De middeis sieten ek al sawat 1800 oanslutingen yn Dokkum sûnder stroom. It gie om húshâldens en bedriuwen. De jûns waard in oar gebiet troffen.

It is noch net bekend wat de oarsaak is en hoe grut it gebiet krekt is. Netbehearder Continuon sil it trasee neimjitte om út te finen wêr't de steuring krekt sit. Mei it waarme waar wurdt der mear stroom brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)