Twadde snie-ûle op Flylân

28 jan 2014 - 16:42
  • Snieûle

Flylân is noch in snie-ûle riker. Dat meldt boskwachter Carl Zuhorn fan Steatsboskbehear op it eilân. It giet om in net folwoeksen fûgel lykas de earste snie-ûle dy't op 30 desimber troch Zuhorn ûntdutsen waard. Oft it om in mantsje of wyfke giet, is noch net dúdlik. Ek is noch net bekend oft it om in 'nije' fûgel giet of dat de snie-ûle fan Skylge op besite is.

De nije snie-ûle sit op 300 meter fan de earste fûgel. Der is noch net sjoen dat de twa kontakt mei elkoar hiene.

De teory is dat de rôffûgels mei in kontenerskip út Kanada wei meifearn binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)