Twadde Sneekwavefestival

12 jul 2003 - 00:00

De bands Green Lizzard en Intwine binne dit jier de haadacts op it Sneekwave-festival op sneon 2 augustus. Yn 1987 kaam der in ein oan in tradysje fan hast fiif jier Sneekwave, doe't James Brown syn optreden op it lêste momint ôfsei.

Ferline jier fûnen sân Snitsers it tiid it festival werom te bringen. Doe wie it in súkses, dat sadwaande dizze nije ferzje. Mei-elkoar komme 14 bands nei op it iisbaanterrein ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)